Gjin Slachtepop yn 2020!

Gjin Slachtepop yn 2020!

Ja it is wier! Der komt GJIN Slachtepop fan ‘t jier! Ek wy binne troffen troch it Corona virus (Covid-19)… Slachtepop stie by in soad minsken al yn’e aginda en ek wy hiene der mar bot sin oan. Alle fergunningplichtige eveneminten yn Nederlân binne ôfsein en ja, dêr falle wy ek ûnder… Der wiene al moaie plannen makke yn gearwurking mei de organisaasje fan ‘e Slachte Marathon, mar ek sy moasten harren fjouwerjierlikse rintocht ôfblaze. Foar 2021 is der noch neat wis, mar wy hoopje al wol foarsichtich op wer in machtich spektakel oan ‘e Slachtedyk by Wommels. Foar no earst moat wy der mar it bêste fan meitsje, mar wy hoopje jimme allegear wer te sjen op de earstfolgjende edysje fan Slachtepop!


Reageren is niet mogelijk.