Archief van
Categorie: Geen categorie

Gjin Slachtepop yn 2020!

Gjin Slachtepop yn 2020!

Ja it is wier! Der komt GJIN Slachtepop fan ‘t jier! Ek wy binne troffen troch it Corona virus (Covid-19)… Slachtepop stie by in soad minsken al yn’e aginda en ek wy hiene der mar bot sin oan. Alle fergunningplichtige eveneminten yn Nederlân binne ôfsein en ja, dêr falle wy ek ûnder… Der wiene al moaie plannen makke yn gearwurking mei de organisaasje fan ‘e Slachte Marathon, mar ek sy moasten harren fjouwerjierlikse rintocht ôfblaze. Foar 2021 is der noch neat wis, mar wy hoopje al wol foarsichtich op wer in machtich spektakel oan ‘e Slachtedyk by Wommels. Foar no earst moat wy der mar it bêste fan meitsje, mar wy hoopje jimme allegear wer te sjen op de earstfolgjende edysje fan Slachtepop!

Starstruck op Slachtepop!

Starstruck op Slachtepop!

bron: Instagram – starstrucklive

Foar de njoggende edysje fan Slachtepop binne wy wer drok opsyk west nei in moai stikje muzyk om ús de jûn troch te helpen, en wy fine dat wy hjirmei aardich slagge binne. It muzykale trio ‘STARSTRUCK’ hie wol nocht om de tinte op ‘e kop te setten! Hjirûnder in stikje fan harren site:

Al sinds 2018 zetten Marcel, Teun en Roy van de unieke band/dj combinatie STARSTRUCK menig feest op z’n kop. Het muzikale trio zit vol guilty pleasures! Met een zeer divers repertoire van bekende meezingers, grappen en grollen en vooral heel veel interactie met het publiek hebben de mannen van STARSTRUCK maar één missie: feest maken!

Wer 44 partoer op’e list!

Wer 44 partoer op’e list!

No is it wol wat, do woest dy noch efkes opjaan foar de Wylde Nachtkeatspartij. Spitichernôch moat wy dy teloarstelle want wy sitte wederom FOL! Natuerlik bist fan herte wolkom om freed efkes del te kommen en ûnder it genot fan in bierke dyn maten oan te moedigjen!

KEATSEN is moai wurk!

KEATSEN is moai wurk!

Fanôf no kinsto dy wer opjaan om mei te dwaan oan ‘e Wylde Nachtkeatsparty op 7 juny o.s. yn ‘e keatsdome fan Slachtepop!

Tagg snel dyn keatsmaten en doch mei!

Sjoch by it kopke ‘Wylde Nachtkeatsparty‘ boppe oan’e side om dy op te jaan!